Nije koalysje Dútslân

septimber 29, 2009 10:30

Nei de ferkiezingswinst fan de CDU/CSU yn Dútslân is de partij fan Angela Merkel yn petear mei de liberale FDP om ta in koalysje te kommen. No hat de CDU (+13 sitten) en de FDP (+32) in lytse mearderheid yn de Bûnsdei, 332 fan de 622 sitten. De partijen wolle sa gau mooglik ta in koalysje komme, mar der binne wat punten dêr’t beide partijen it noch net oer iens binne. Angela Merkel seit dat se net op sûnens besunigje wol en de minimumleanen sille net omleech. It is no de twadde kear dat Merkel as kânselier fan Dútslân keazen wurdt. Hja sei yn in taspraak dat se kânselier foar alle Dútsers wêze wol. Lykwols sil de FDP besykje om wichtige posten lykas it Ministearje fan Finansiën te krijen.

Yn de foarige koalysje regearre it CDU mei de sosjalistyske SPD. De partij fan de Minister fan Utlânske Saken, Frank-Walter Steinmeier, is by de bûnsdeiferkiezings fan ôfrûne snein sawat in tredde fan syn sitten yn it parlemint kwytrekke. It is de minste ferkiezingsútslach foar de SPD sûnt de Twadde Wrâldoarloch.

Foar Die Linke en Die Grüne wie der ek in ferkiezingswinst. De twa linkse partijen krigen meiïnoar 22,6 persint fan de stimmen, goed foar 144 sitten yn de Bûnsdei.  

By de ferkiezings fan ôfrûne snein wûn de Frysk-Deenske SSW yn Sleeswyk-Holstein. De partij hie 2 sitten, krijt no 4. De lândei fan Sleeswyk-Holstein gie fan 69 nei 95 ôffurdigen.

septimber 29, 2009 10:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.