Monarchflinter yn Nederlân

septimber 16, 2009 06:42

De monarchflinter libbet yn grutte dielen fan de Feriene Steaten en is bekend as trekflinter. Simmers libbet er yn it noarden fan de Feriene Steaten en Kanada. Yn de hjerst fljocht de flinter yn groepen nei it suden. Dêr oerwinteret er yn Florida, Kalifoarnje en Meksiko. Foaral yn Meksiko is dat oerwinterjen spektakulêr. De hiele populaasje út it noarden fan de Feriene Steaten oerwinteret yn in lyts gebietsje. Miljoenen flinters sitte dan yn in pear beammen.

De monarchflinter is no fêstige yn Súd-Europa. Sa no en dan komme der swervers nei it noarden ta. Yn Nederlân is de flinter fan 1990 ôf 16 kear sjoen. Yn augustus is er yn Veenendaal sjoen. Hy siet dêr twa oere lang op blommen yn in tún. Dêrnei fleach er fuort.

septimber 16, 2009 06:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.