Minne skoallen moatte ticht

septimber 10, 2009 22:47

Yn de Twadde Keamer skynt brede stipe te wêzen foar it plan fan steatsekretaris Dijksma om skoallen dy’t min prestearje nei in tal warskôgings te sluten. De Telegraaf wit der wol ried mei: ûnder de kop “Slecht presterende school kan keihard worden aangepakt” bringt de krante it nijs. Al in hoartsje is op ynternet te sjen hoe’t skoallen it yn de eagen fan de ynspeksje dogge. Wolle jo in list ha mei swakke skoallen typ dan yn Google “onderwijsinspectie” yn en jo sjogge as trêde yn it rychje: overzicht zeer zwakke scholen. De tiid dat de ynspekteur jo bêste freon wie, is foarby. It binne wer de strange achter-yn-’e-klassesitters, dy’t fan alles op skriuwe en jo dat letter as ûnderwizer (pardon: learaar) foar de fuotten smite kinne. Der wurde hiele protokollen troch de ynspeksje brûkt om de kwaliteit fan it ûnderwiis op in skoalle te mjitten. Ek dêroer wurdt oan it publyk wiidweidich ferslach dien op har hiemside. As de hiele skoalle it min docht, dan kinne se it etiketsje “swak” krije.

It nijste is dus dat der in wetsûntwerp klear leit dat it mooglik makket om iepenbiere skoallen te sluten en de subsydzje fan bysûndere skoallen yn te hâlden, sadat dy ek slute moatte. De maatregel is it slútstik fan de troch de pearse kabinetten op gong brochte “merkwurking”. Skoallen moatte ôfrekkene wurde op har prestaasjes. Wa’t de muoite nimt om te sjen hokker prestaasjes metten wurde, sjocht dat it foar fierwei it grutste part giet om wat learlingen by rekkenjen en taal prestearje. Net dat de ynspeksje oare saken net wichtich fynt, mar dy binne minder maklik nei te gean. Wat telt dat binne rekkenje en taal. Dêr heart noch in beheining by: taal is hjir Hollânske taal. Frysk of Stellingwerfsk of Turks is foar de mjitting net belangryk. Skoallen dy’t goed skoare wolle, lizze har dan ek ta op (Hollânske) taal en rekkenjen. De noarm is de gemiddelde skoare fan alle bern yn Nederlân. As alle skoallen bot har bêst dogge op rekkenjen en taal dan sil dy gemiddelde skoare wol omheech gean. Statistysk sjoen sil dat oan it tal swak-skoarende-skoallen neat feroarje. Yn de Gauss-ferdieling sille der altyd inselde persintaazje skoallen min, ‘gemiddeld’ en heech skoare. Der sille dus altyd skoallen bliuwe dy’t it predikaat hiel-swak hawwe moatte, mei oare wurden sa lang as de gemiddelde skoare de noarm is, sil der altyd reden wêze om skoallen te sluten. De steatsekretaris kriget it der mar drok mei.

Folle slimmer is it dat dizze oanpak fan de ynspeksje it ûnderwiis in kant opstjoert dêr’t de measte minsken hielendal net hinne wolle. Der sille net folle wêze dy’t rekkenjen en taal net belangryk fine. Dêr hoecht de diskusje net oer te gean. Mar der is wol wat mear yn it libben as dy twa fakken.  Saken dy’t minstens sa belangryk binne foar it wolwêzen, wurde sa yndirekt troch de ynspeksje achterút setten. Is muzykmeitsjen, gymnastykjen, Frysk of spultsjedwaan ûnbelangryk, om mar net te praten oer skiednis, biology ensf.? Der wurdt amper of net sjoen nei de wize fan omgean mei elkoar. De ynspeksje mjit wol it  “realiseren van een taakgerichte werksfeer” en of “de leraren duidelijk uitleggen”. Wat krekt de kritearia binne foar soksoarte saken stiet der net by. It liedt maklik ta in nochal subjektive wize fan beoardieljen.

It is driigjende taal nei de skoallen ta út De Haach wei. Yn de blauwe bankjes dêr witte se krekt hoe’t de lju yn de skoalle it dwaan moatte. Is it in wûnder dat jonge minsken leaver net yn it ûnderwiis wurkje wolle? Nei de sirkulèrekultuer is der no sprake fan in ferantwurdingskultuer. De lêste liket feniniger as de earste.

septimber 10, 2009 22:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Th. Dykstra septimber 20, 11:26

    De wurkwize fan de ynspeksje de lêste tiid troch allinnich te letten op “opbrengstgericht ‘ by rekkenjen en Hollânsk is pedagogysk sjoen in minne saak omdat de basisskoalle wetlik ek in bredere taak hat. Dizze taakfersmelling is ûntstien trochdat it ryksregear in skoalle en de opfieding fan de bern sjocht as in produksjefaktor yn it ekonomysk belied. Neat gjin optimale ûntjouwing fan bern, mar bern en skoallen ôfrekkenje op doelen dy’t op syn minst diskutabel binne. Fansels moatte basisfeardichheden as rekkenjen en taal (en dan net allinnich it Hollânsk, mar in meartalige oanpak) de bern goed bybrocht wurde. De oplossing is net de konkurrinsje tusken skoallen op te skroeven en te tinken dat de kwaliteit dan fansels troch merkwurking wol better wurdt , mar mear ynvestearre yn de learenopliedings (de lêste jierren slim útklaaid) en de kwaliteit fan de ynspekteurs. Fierder de wurkwize fan de ynspeksje tsjin it ljocht hâlde. Troch harren wurkwize ûntsteane statistysk altyd swakke skoallen. In skoalle is yn ‘t foarste plak gjin ekonomysk ynstitút, mar in kultuer-pedagogyske ynstelling. Dêr moat fûl oan arbeide wurde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.