Donner iepenet side foar 65-plus
Resint ferskynd
- Takom wike grutte treinstaking 0
- Wer grutte flater by ôfhanneljen ierdskokskea: slachtoffers witte net wat se no moatte 0
- Fryske gemeenten poerbêst berikber fia e-mail, ôfhanneling kin noch better 0
- Metaansatellyt fynt jiskebult mei klimaatynfloed fan oardel miljoen auto’s 0
- Hiele Noardseekust himmele: 86.954 peuken en 4.408 kilo ôffal 0
Minister Donner fan sosjale saken hat moandei in hiemside iepene foar 65-plussers. Dêr kinne wurknimmers en wurkjouwers ynformaasje op fine oer frijwillich trochwurkjen ek nei’t it pensjoen yngien is. Minister Donner wol de frijwillige trochwurkers stypje. Neffens sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk is it tal 65-plussers dat trochwurket yn tsien jier omheech gien. Yn 1997 wienen der 32.000 en yn 2006 wol 57.000. Mear as de helte fan de minsken dy’t trochwurkje binne selsstannigen. It giet dan foaral om túnkers en winkeleigners.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje