Minder definsje-útjeften
Resint ferskynd
Yn 2008 is foar 8,2 miljard euro útjûn oan definsje. Dat is 1,4 persint fan it bruto binnenlânsk produkt. Fiif jier lyn wie dat oandiel 1,5 persint, 10 jier lyn wie dat 1,8 persint.
Nederlân hat yn 2008 foar eltse ynwenner 500 euro bestege oan definsje. Yn 2000 wie dat noch 421 euro. Dat betjut in stiging fan 18.5 persint. Dat is minder as de ynflaasje fan dizze perioade.
Yn 2008 hat Nederlân 428 miljoen euro útjûn oan bûtenlânske militêre bystân. Dat is hast twa kear mear as yn 2003. Twa tredde fan dy kosten yn 2008 hingje gear mei de Nederlânske missy yn Afganistan. Foar frede en feilichheid yn Europa is 26 miljoen euro útjûn. De kontribúsje oan de Feriene Naasjes is 100 miljoen euro.
De Nederlânske missy yn Afganistan hat yn de perioade 2002-2008 hast 1 miljard euro koste. Sa’n 2000 Nederlânske soldaten binne aktyf yn Afganistan. 1400 dêrfan binne no yn Uruzgan.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje