Miljeu sil fierder efterútbuorkje

septimber 13, 2009 22:54

Nederlân hellet nei alle gedachten de doelstellings foar de kommende jierren op it mêd fan klimaat, lucht, boaiemsanearring en ôffal. Dat is it goeie nijs út ’e Milieubalans 2009 dy’t it Planbureau voor de Leefomgeving (PBL) ferline wike publisearre. Mar it PBL, it nasjonale ynstitút dat it miljeubelied hifket, hie benammen in protte min nijs. Mei it hjoeddeistige belied wurde de miljeudoelstellings foar stêd en plattelân op ’e koarte termyn al net helle: bgl. tefolle ferkearslûd en stank, tefolle fosfaat yn lânbougrûn, tefolle nitraat yn it grûnwetter, tefolle stikstofdelslach en droechte yn de natuer en in te minne kwaliteit fan it oerflaktewetter. Op ’e langere termyn wurdt hast gjinien fan de miljeudoelstellings mear ferwêzentlike. Dat inkelde koartetermyndoelstellings earst wol berikt wurde, komt mei troch de ekonomyske delgong, dy’t soarget foar minder emisjes. Mar omdat no ek ynvestearrings yn miljeufreonlike technology ferminderje, is it effekt fan de resesje skielik krekt negatyf. Om de doelstellings foar 2020 te heljen moat it miljeubelied yngreven bysteld wurde, neffens it PBL. Milieudefensie neamt it ‘treurich’ dat dizze Miljeubalans eins in werhelling is fan ferline jier. De miljeu-organisaasje ropt it kabinet yn in reaksje op om in ein te meitsjen oan de frijbliuwendheid fan it miljeubelied en mei stimulearjende wet- en regeljouwing te kommen om de klimaatferoaring tsjin te gean. Direkteur Köhler ferwiist nei Dútslân, dêr’t it miljeubelied fertuten dien hat: yn 7 jier tiid in ferdûbeling fan it oanpart griene stroom en no al omtrint 250 tûzen banen yn ’e duorsume enerzjysektor.PBL

septimber 13, 2009 22:54
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Hanneke Brandsma april 30, 05:17

    Door onze CO2 productie,krijgt de aarde het zwaar te verduren.
    Ook de boeren in Afrika,hebben er problemen mee.
    Wil je een positief steentje bijdragen kijk dan op http://www.dederdekamer2015.nl .
    Wij hebben een aanbeveling daarover geschreven :nr 2 waterbuffers/zanddammen voor Afrika.
    Dan kunnen ze daar ook weer goed boeren!
    Bedankt voor jullie friese stem.

    Hanneke

  2. Roel april 30, 10:27

    Gjin enerzjy mear stekke yn it beheinen fan de CO2 útstjit. De koalen, gas en oalje reitsje fansels wol op. Sina wurdt ek al griener en dêr komt gjin miljeutaks oan te pas! Wy moatte ússels net yn de fingers snije troch alles djoerder te meitsjen! Gelokkich is der no in krisis en moatte we echte prioriteiten stelle. Klimaatmaatregels binne lúkse, want in ferbân tusken CO2 en de opwaarming fan de ierde is net hurd bewiisd. En de CO2 útstjit tige folle werombringe is sinleas, want dy koalen, gas en oalje wurde dochs wol opstookt.

  3. pyt april 30, 14:25

    Miskien moatte wy de lêste ‘âlderwetske enerzjy’ wol brûke om alternative enerzjy op gong te bringen. Mar as in alternative metoade nei in lange oanrin noch net finânsjeel útkin, dan is er ek net ‘miljeu-rindabel’ en dus skealik. De kar fan te subsidiearjen projekten moat dus geregeld yngeand besjoen wurde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.