Michael Jackson te hôf brocht

septimber 4, 2009 09:51

The king op pop Michael Jackson is no dan dochs bysetten yn in mausoleum. Dat barde op it Forrest Lawn Memorial Park krekt bûten Los Angeles. Dêr lizze in soad ferneamde minsken, lykas Humphrey Bogart, Nat King Cole, Walt Disney en Jimmy Stewart.

It bysetten is bard yn in lyts selskip mei goeie freonen en neiste famylje. De tagongsdiken wienen ôfsletten, dat net ien koe de lykstaasje sjen. Stevie Wonder en Elisabeth Taylor wiene by it te hôf bringen.

Jackson is ferstoarn op 25 juny. Ein augustus hat de lykskôger fêststeld dat de popstjer omkaam is troch in akute Propofolfergiftiging. De polysje giet út fan deaslach. De Amerikaanske polysje siket no út oft de dokter fan Michael Jackson de hear Conrad Murray dêr wat mei út te stean hat.

septimber 4, 2009 09:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.