Meksikaanske gryp gefaarlik

septimber 11, 2009 08:52

De Meksikaanske gryp komt djipper yn de longen as gewoane gryp. Dêrtroch is it firus in stik gefaarliker. Dat skriuwe wittenskippers yn it wittenskiplik tydskrift Nature Biotechnology. De wittenskippers ûntdieken hokker sellen yn it sykhelstelsel fetber binne foar de Meksikaanske gryp en hokker foar de gewoane gryp. By de gewoane gryp wurde allinnich de sellen yn noas en kiel fetber.

 It Meksikaanske grypfirus H1N1 kin ek sellen djip yn de longen ynfektearje. Dêrtroch bestiet de kâns dat pasjinten longûntstekking krije. De ôfrûne moannen binne wrâldwiid tûzenen minsken ferstoarn oan de grypfariant. Dat bart elts jier troch de gryp. Hoefolle minsken besmet en ferstoarn binne troch de Meksikaanske gryp is net bekend.

septimber 11, 2009 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.