Marijke Vos út polityk
Resint ferskynd
De Amsterdamske wethâlder Marijke Vos stapt nei de gemeenteriedsferkiezingen fan takomme jier út de aktive polityk. Vos hat tolve jier lid west fan de Twadde Keamer. Se is ferneamd wurden as foarsitter fan de kommisje Boufraude. Sûnt 2006 is se wethâlder fan Amsterdam. As wethâlder fan miljeu hat se foarsteld om de miljeusône yn te stellen. Dat moat derfoar soargje dat smoarge auto’s net yn de stêd komme.
Marijke Vos wol wat oars dwaan. Wat dat is, wit se noch net, mar it moat wol wat mei kwetsbere minsken of mei it miljeu te krijen hawwe.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje