Linzjerykompetysje
Resint ferskynd
De tiims hjitte ”San Diego Seduction” (ferlieding), ”Dallas Desire” (langstme) en de ”Philadelphia Passion” (passy). De spylsters binne attraktyf, seksy en ha net folle klean om ‘e roppert. Der binne twa tiims mei sân spylsters dy’t yn linzjery tsjin mekoar spylje. De regels komme fierders oerien mei dy fan it ”American Football”. Yn it skoft fan de Super Bowl fan 2003 waard de Lingerie Bowl foar de earste kear holden. No is yn de Feriene Steaten de ”Lingerie Football League” (LFL) begûn. Yn de kompetysje binne twa groepen fan fiif tiims yndield en spylje in seizoen fan 20 wiken.
It Nijs jout in priuwke:
[nggallery id=3]
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje