Ligers by skriuwen ûntmaskerje

septimber 29, 2009 15:27

It brûken fan leagendetektors tinkt net elkenien gelyk oer. Omdat de technyk net betrouber is lykje ûnskuldige minsken soms skuldich en kinne skuldige minsken de detektor ferrifelje. Israëlyske wittenskippers hawwe in nije metoade útfûn dêr’t leageners mei troch de koer falle. Hja analysearren it hâlden en dragen fan de fertochte by it skriuwen.

Dat ligen dreger is as it sprekken fan de wierheid wie bekend. Wa’t liicht moat syn leagens mei soarch formulearje, de reaksje fan dejinge dêr’t er tsjin praat yn ’e gaten hâlde, de wierheid ûnderdrukke èn ûnderwilens sa normaal mooglik dwaan. Dat allegearre kostet in soad muoite en dêr lije oare aktiviteiten lykas praten (haperje) of skriuwen ûnder. Neffens de ûndersikers kin troch it mjitten fan it hâlden fan de fertochte as er skriuwt, objektyf fêststeld wurde oft er liicht of net.

De ûndersikers lieten 34 proefpersoanen twa koarte teksten skriuwe oer wat se belibbe hiene. De iene tekst moast oer in feit gean dat wier bard wie en de oare oer in sels betocht gefal. De proefpersoanen skreauwen harren teksten mei in pinne op papier dat op in spesjaal paniel befêstige wie. Dat paniel registrearre sekuer hoe fluch, hoe grut en mei hokker druk de proefpersoanen skreauwen. Ut analyze fan de resultaten die bliken dat de proefpersoanen ûnder it skriuwen fan de tekst dy’t se liigden, fûler op it papier drukten en gruttere halen makken as ûnder it skriuwen fan de tekst dy’t wier wie.

Hoe’t de proefpersoanen harren holden waard sekuer mei spesjale apparatuer byholden. Lige kostet safolle harsenkapasiteit, dat wat oars automatysk giet – lykas skriuwen – ynienen mear muoite kostet. Dat is ôf te lêzen oan hoe’t immen him ûnder it skriuwen hâldt.

Alhoewol’t neier ûndersyk grif nedich wêze sil, tinke de ûndersikers dat de nije metoade yn de takomst brûkt wurde kin om ligers te ûntmaskerjen. Dat soks sa ienfâldich giet, is neffens de ûndersikers it grutste foardiel: de fertochte hoecht net mear oan alderhanne apparatuer fêstset te wurden. Dêr komt by dat de metoade net maklik foar de gek te hâlden is. Al docht immen noch sa goed syn bêst om ‘normaal’ te skriuwen, hy skriuwt dochs oars as wannear’t er net liicht. Oft dizze metoade ea as in selsstannige leagendetektor wurkje kin, is foarearst noch net te sizzen, mar de resultaten kinne yn alle gefallen as oanfolling op besteande techniken tsjinje. Sadat allinnich de ècht skuldigen noch mar pakt wurde.

 Boarne: Erica Renckens op Kennislink, neffens Gil Luria & Sara Rosenblum (2009) Comparing the handwriting behaviours of true and false writing with computerized handwriting measures, Applied Cognitive Psychology.

septimber 29, 2009 15:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.