Lêzing yn Appelskea
Resint ferskynd
Lêzing Historische Vereniging Appelscha op 19 septimber oer Appelscha en de “adel” uit Beetsterzwaag
De eigenierde boeren út Eaststellingwerf en Opsterlân bemachtigen troch harren grûnbesit in machtige posysje yn beide gemeenten. Se binne de kompanjons en somtiden ek de feanbazen dy’t de ferfeaning oanpakt hawwe en dêrtroch ta grutte rykdom kamen. Yn de 17e en 18e ieu komme nammen nei foaren as Lycklama à Nijeholt, Fockens en Van Teyens, dy’t as earsten yn ús kontreien de hege feanen ôfgrave lieten.
Reinhard baron van Lynden (troud mei Ypkjen Hillegonda van Boelens) waard ien fan de kompanjons en nei him syn soannen, skoansoannen en pakesizzers (Van Eysinga, Lyklama à Nijeholt, Van Harinxma thoe Sloten). Hja drukten allegearre harren stimpel op sawol de skiednis fan Beetstersweach as fan Appelskea.
It ha de Lycklama’s west dy’t de grûnslach lein hawwe foar de fierdere ferfeaning fan Eaststellingwerf. Yn de 18e ieu waarden hja grytman (boargemaster) fan Opsterlân en Eaststellingwerf. Oan de feart yn Appelskea stiet Augustinesstate. Wa wie Augustines en wêrom stiet dy state dêr?
Hoe’t dat alles yninoar stekt kinne jo hearre en sjen yn in dialêzing dy’t de hear Jelle Terluin út Beetstersweach op sneon 19 septimber yn de Hoolten Klinte oan de Bosweg 1 yn Appelskea jout. De lêzing begjint om 14.00 oere.
Ik versta wel Fries, maar kan het niet schrijven, dus mijn reactie in het Nederlands.
Het lijkt me een interessante lezing temeer omdat mijn voorvader ook te maken had met veenbazen in Appelscha.
Ik neem aan dat de lezing op 19 sept. is i.p.v. 19 december !