Laura nei Oprah Winfrey
Resint ferskynd
De 13-jierrige Laura Dekker wol allinnich de wrâld oer sile. Dat ropt by guon minsken grutte diskusjes op. Is se net fierstente te jong om allinnich twa jier lang op it wetter te sitten? Ferskate ynstânsjes wolle net dat se giet. Mar sels fjochtet se troch. Ek neidat har mem sein hat dat se better net gean kin. It nijs hat no ek de Feriene Steaten berikt. Laura soe útnoege wêze troch Oprah Winfrey. Oprah wol prate oer har plannen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje