Krijt Brazilië Olympyske Spullen?
Resint ferskynd
- Amerikaansk jonkje (6) bestelt foar tûzen dollar oan iten mei heit syn snoadfoan 0
- Bywurke: Braziliaanske marine hat spûkskip sinke litten 0
- Lytste skilderij fan Rembrandt efkes werom yn Nederlân 0
- Andrea Peirano winner Frysk spul yn Aymavilles (Italië) 0
- Taeke Kooistra nimt kop bij damkampioenskip 0
Brazilië wol graach de Olympyske Spullen fan 2016 organisearje. De polityk yn Brazilië hat der alle fertrouwen yn dat dat slagje sil. It soe dan foar de earste kear wêze dat de Olympyske Spullen yn Súd-Amearika holden wurde.
In foardiel foar Brazilië is dat Obama net nei Kopenhagen giet om Chicago oan te priizgjen as Olympyske stêd. Hy lit dat dwaan troch syn frou Michelle. Foar Brazilië is dat in teken dat de Feriene Steaten net echt de Spullen binnenhelje wol.
Neist Rio de Janeiro (Brazilië) en Chicago (Feriene Steaten) dogge ek Madrid (Spanje) en Tokio (Japan) in goai om de Olympyske Spullen te organisearjen.
Boarne: Trouw
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje