Jonkje omkommen by brân yn Warkum
Resint ferskynd
- Ofwiisde East-Fryske flagge wapperet foar gemeentehûs Moarmerlân 0
- Ferhaleprojekt ‘Utsteld gelok’ yn pastorijtún yn Blauhús 0
- BolwurkFestival Frjentsjer: muzyk op it wetter 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0
- Bouwe de Boer: Sinnekrêft by de alve stêden lâns 0
In jonkje fan trije jier út it Dútske Essen is sneintenacht by in brân yn in karavan om it libben kommen. Dat barde tichtby Warkum.
De helptsjinsten krigen om 21.20 oere in melding fan in fûle brân. De brânwacht kaam fuortendaliks yn aksje mei trije weinen. De brân wie gau ûnder kontrôle. Nei in koarte sykaksje waard it jonkje yn de sliepkeamer fûn.
It bern waard oerbrocht nei it sikehûs yn Snits, dêr’t it in skoftke letter ferstoar. By de brân rekke de 27-jierrige mem oan har hannen ferwûne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje