It nije nûmer fan de Moanne
Resint ferskynd
Op 18 septimber, ferskynt it nije nûmer fan de Moanne. It earste eksimplaar wurdt oanbean oan deputearre Jannewietske de Vries en wethâlder Isabelle Diks, op de earste ‘kultuerbuorrel’ fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert, dy’t plakfine sil yn it Keramykmuseum Princessehof, tusken 16.00-18.00 oere.
Dit nûmer, dat foar it earst ferskynt yn gearwurking mei Afûk, Fryske Akademy en Tresoar, hat in folslein nije lay-out krigen. de Moanne ferskynt boppedat yn full colour.
de Moanne jout romte oan ferhalen fan skriuwers, histoarisy, akteurs, keunstners en wittenskippers. Skerp tinke en treflik skriuwe, dêr draait it om yn de Moanne.
Fierders yn de nije Moanne:
Anna Bilker ynterviewt Joke Tjalsma, aktrise. ‘Ik ha altyd mei goeie minsken wurke, en fan it iene kaam altyd it oare. Ik ha gelok hân de goeie minsken tsjin te kommen. Dat is it lot dat jo de kâns jout.’
Jacob Fokkema praat oer de plannen foar in Fryske universiteit.
Meikoarten is in nije foarstelling te sjen fan SULT. Pieter Stellingwerf: ‘Heksershol wurdt in fertelfoarstelling foar elkenien fan 12 jier ôf. In bytsje as it eartiidske Winterjûnenocht, mar dan mei alle moderne teatrale middels fan ús tiid: mei poppen, hânkamera’s en byldskermen en in technikus dy’t lûden makket.’
Bert Looper oer stinzen yn Fryslân: ‘Na 1850 verdwijnt de stins als symbool uit het collectieve Friese bewustzijn. Taal neemt het primaat in in de beleving van de Friese identiteit.’
Kollums fan Grytsje Schaaf, Goffe Jensma, André Bralts en Atte Jongstra.
Yn Trotwaer dizze kear ûnder oaren:
- in koart ferhaal fan Elske Kampen
- Meindert Talma skriuwt in brief oan syn idoal Mick Jagger
- gedichten fan Edwin de Groot en Arjan Hut
- Klaas van der Hoek besprekt Equinox, de nije bondel fan Tsjêbbe Hettinga
- In ynterview mei R.R. van der Leest, troch Jelle Krol
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje