In swietrook kin minsken siik meitsje

septimber 5, 2009 11:02

Minsken dy’t fan ûngefaarlike roken siik wurde, binne net gek. Hja bringe dy lucht mei wat ferfelends yn ferbân en krije dêr in ferheftige lichaamlike reaksje fan. “Harren sykte sit dus net tusken de earen, sa’t gauris oannommen wurdt.” Dat is de konklúzje fan NWO-ûndersiker Patricia Bulsing. Hja promovearret 11 septimber oan de Universiteit Utrecht op in ûndersyk nei oerlêst fan kwearoken.

Bulsing ferliket it siik wurden fan in op himsels net gefaarlike lucht mei it mislik wurden nei tefolle iten. “Wa’t him wolris siikiten hat, moat de rook fan dat iten dêrnei in skoftke net mear rûke. Dan keart jin de mage daliks wer om.”
It ûndersyk fan Bulsing beheint him net ta ‘erkende’ stank, lykas de lucht fan dong of gemyske prosessen, mar giet ek oer parfum, swietrook fan blommen en gewoane lichemsroken. Hja stelde fêst dat minsken in swietrook net mear graach rûke as der mei grutte letters op de parfumflesse stiet, dat parfum fergiftich wêze kin. “Proefpersoanen dy’t leard hawwe om in beskate rook yn ferbân te bringen mei pine, rûkten dy rook dêrnei wier oars.”

Neffens Bulsing bewiist har ûndersyk dat minken dy’t yn de omkriten fan in jiskebult of in gemyske fabryk wenje, echt siik wurde kinne fan de stank. “De oerheid en de yndustry kinne lichaamlike klachten dan ek net mear ôfdwaan as ynbylding. It tal minsken dat seit allergysk te reagearjen op parfum, swietrookkearsen en blommen nimt ta. Se kinne bêst gelyk hawwe.”

septimber 5, 2009 11:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.