Iepen koardei yn Lekkum, ûnder lieding fan David van Roijen
Resint ferskynd
- Ynklusive taal 0
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 0
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle 0
- Iepening foto-útstalling Henk Kuiper mei boekpresintaasje fan syn soan Elmar Kuiper 0
- Fytsalvestêdetocht foar it earst oant 22.00 oere te folgjen by Omrop Fryslân 0
Sneon 12 septimber is yn Lekkum in iepen koardei fan it VEL. Dy ôfkoarting stiet foar Vocaal Ensemble Leeuwarden, de eardere Ljouwerter Kantorij. It VEL is ien fan de foaroansteande koaren yn Fryslân. It stiet ûnder lieding fan David van Roijen, in jonge, tige betûfte dirigint. De iepen koardei is bedoeld om gasten ûndergean te litten hoe’t it op it koar om en ta giet. It is dan ek de bedoeling dat se dy dei frijbliuwend meisjonge. Foldocht it goed dan kinne se beslute om har as lid oan te melden.
Dizze iepenbiere repetysje is fan 11.00 oant 16.00 oere en wurdt holden yn de tsjerke fan Lekkum. Foar kofje wurdt soarge; sels in brochje meinimme.
De foto is fan ’t maitiid makke, ek yn Lekkum.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje