Gewoane grypprik earst

septimber 14, 2009 19:33

Fan ’e hjerst wurde sa’n 4,5 miljoen Nederlanners útnoege om har by de húsdokter ynintsje te litten tsjin de seizoengryp en tsjin Nije Ynfluenza A (H1N1). It begjint yn oktober mei de gebrûklike ynjeksje tsjin de seizoengryp. Twa wike letter wurdt mei de twa ynjeksjes tsjin de Nije Ynfluenza A (H1N1) begûn, mei in tussenskoft fan trije wike.
De útnoegings wurde yn it foarste plak oan minsken stjoerd dy’t yn de saneamde risikogroepen falle. Dat binne bygelyks minsken fan 60 jier en âlder, minsken mei in hert- of longsykte en nier- en astmapasjinten.
Foar de soarchferlieners wurdt it in hiele útdaging om de risikopasjinten fan de needsaak te oertsjûgjen dat se alle trije faksinaasjes nimme. Der is in poerbêste folder, mar dy is allinnich yn it Hollânsk makke. Dat kin foar guon allochtoane ynwenners in beswier wêze.

Boarne: Kringapotheek

septimber 14, 2009 19:33
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Pripper septimber 29, 16:36

    Goed dat der prikken yn it wurk set wurde om de gryp foar te kommen.
    Dat de GRYP-PRIPPEN mar goed helpe meie!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.