FrieslandCampina mear winst
Resint ferskynd
FrieslandCampina hat oer de earste helte fan 2009 30 persint mear nettowinst boekt as yn deselde perioade yn 2008. Foaral de finansjele posten soargen foar dit resultaat.
De winst gie fan 60 miljoen nei 78 miljoen euro. De omset waard wol minder en wol mei 15 persint nei 4,1 miljard euro en dat wie 4,8 miljard in jier earder.
De grutste soarch fan FrieslandCampina is de lege molkpriis foar de oansletten organisaasjes. Sa krigen de leden fan it koöperative bedriuw de earste seis moanne fan dit jier in garandearre priis fan € 26,04 foar 100 kilo molke. Dat wie 32 persint minder as yn de fergelykbere perioade yn it foargeande jier.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje