Frânsman fynt 100.000 euro

septimber 2, 2009 14:33

In winkelman út it Frânske Saint-André-lez-Lille hat in aparte fynst dien. Hy ûntdiek 100.000 euro yn in kistke. Dat lei yn in jiskebak by in boumerk. It jild wie kreas opsteapele yn pakketsjes fan 50, 20 en 5 euro. Der siet ek  in slúf yn it kistke. Dêr stie in namme yn en in adres yn de stêd Lille. De man dy’t it kistke fûn, dreamde der fuort fan in prachtige dreamkemper te keapjen, mar hy hat dochs besletten om de 100.000 euro oan de eigner werom te jaan. It jild wie fan in pensjonearre echtpear dat it opgarre hie foar in plakje yn it âldereintehûs. Op de drompel fan harren wenning kaam er derefter dat de man yn it sikehûs lei. De frou wie ek slim siik. Hja sieten doe midden yn de ferhuzing. De bern dy’t helpe moasten, hiene it kistke samar fuortgoaid. In gelok dat de winkelman sa earlik wie.

septimber 2, 2009 14:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.