FNP Boarnsterhim: gjin hastich beslút!

septimber 16, 2009 12:44

De FNP-ôfdieling Boarnsterhim wol de ynwenners behelje yn it praten oer de takomst fan de gemeente. Dat docht bliken út de doar-oan-doar fersprate útnoeging foar in gearkomste op 21 septimber, de jûns om acht oere yn it Gemeentehûs yn Grou.

Neffens de FNP docht it waarnimmend kolleezje fan BenW alle war om de gemeente sa gau mooglik op te heffen en te ferparten oer de oangrinzjende gemeenten. Der wurdt op emoasjes ynspile sûnder in krekte argumintaasje. De ynwenners hoege allinnich noch mar ja te sizzen. Yn sân hasten moatte de bestjoeren fan de ferienings foar doarpsbelangen bypraat wurde om dêrnei yn in pear moanne ta it opheffingsbeslút te kommen. Dat giet de FNP te rap.

Der is ommers gjin analyze makke fan de oarsaak fan de finansjele swierrichheden. Dêrtroch ûntbrekt in goede ûnderbouwing fan de opheffingsneedsaak.

De FNP wol dat de ynwenners sels kieze foar har takomst en dat soks net fan boppen ôf útmakke wurdt. As de útkomst dan is dat de gemeente opdield wurde moat, moatte de doarpen har sels útsprekke kinne oer de fraach by hokfoar gemeente se oanplakt wurde sille.

As foarbyld fan falske argumintaasje wurdt neamd dat Aldeboarn neat mei Reduzum hawwe soe. Mar hawwe Nijskoat en de Bontebok, beide yn de gemeente It Hearrenfean, dan wol wat mei-inoar? Kwealik is ek dat it wol hieltyd oer de minne finansjele situaasje yn Boarnsterhim giet, mar dat net praat wurdt oer it te ferwachtsjen finansjeel probleem fan de gemeente Ljouwert, troch de oankeap fan in soad grûn foar de Súdlannen dêr’t troch de stagnaasje yn de huzebou de opbringsten foarearst fan útbliuwe. Sokke foarbylden binne foar it FNP-bestjoer reden om mei de boargers prate te wollen en yn de polityk oerhaaste beslútfoarming foar te kommen.

septimber 16, 2009 12:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.