Draakjefoto’s Fryslân
Resint ferskynd
- Ofwiisde East-Fryske flagge wapperet foar gemeentehûs Moarmerlân 0
- Ferhaleprojekt ‘Utsteld gelok’ yn pastorijtún yn Blauhús 0
- BolwurkFestival Frjentsjer: muzyk op it wetter 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0
- Bouwe de Boer: Sinnekrêft by de alve stêden lâns 0
Fan snein 27 septimber ôf is yn it Frysk Museum de útstalling ‘Draakjefoto’s Fryslân’ te sjen. Fryslân hat in grut ferskaat oan lânskippen. Yn antwurd op in oprop op de webside fan Atelier Fryslân hawwe bewenners en brûkers fan dizze Fryske lânskippen oanjûn fan hokker plak se hâlde of wat harren dêr krekt yn steurt. Byldzjend keunstner Gerco de Ruijter (Vianen, 1961) fotografearre dêrnei in tal fan dizze plakken op in bysûndere manier.
De klifrâne by De Dollen yn Gaasterlân is sa’n plak. Remco Rolvink seit dêroer ‘Ik koe Gaasterlân hielendal net. Foar myn wurk kaam ik der ferline jier foar it earst. Ik waard oerdondere troch de krêft fan de ferskate lânskipstypen. En allegearre sa ticht byelkoar. Iepen romte, weagjende greiden mei it klif as apoteoaze’.
Gerco de Ruijter fotografearre it klif en oare manifeste plakken yn Fryslân út de loft wei. Dêrta makke hy in kamera oan in draak fêst. Dat levere tolve tige nijsgjirrige foto’s op dy’t mei de ferhalen fan de ‘brûkers’ in reizgjende útstallingfoarmje.
De útstalling ‘Fleanderfoto’s Fryslân’ is op sneon 26 septimber yn it Frysk Museum iepene troch Hans Konst, deputearre fan de provinsje Fryslân. By de iepening waard ek de priisútrikking holden. De ynstjoerder fan it moaiste ferhaal krige in ôfdruk fan de foto fan syn ‘manifeste plak’ út hannen fan de keunstner.
De útstalling is te sjen oant en mei snein 8 novimber en dêrnei yn de besikerssintra ‘Mar en Klif’ yn Aldemardum en ‘De Alde Feanen’ yn Earnewald.
It projekt ‘Fleanderfoto’s Fryslân’ is in inisjatyf fan Atelier Fryslân, ûnôfhinklik wurkplak foar romtlike kwaliteit.
Mear ynformaasje:
Atelier Fryslân Peter de Ruyter, tel. 058 – 233 39 80 of info@atelierfryslan.nl, www.atelierfryslan.nl
Frysk Museum, Marjolein Raemaekers, tel. 058 – 255 55 09, m.raemaekers@friesmuseum.nl, www.friesmuseum.nl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje