EU wol ambisjeus klimaatakkoart

septimber 2, 2009 16:10

It klimaatprobleem moat tagelyk mei de hjoeddeistige ekonomyske krisis oanpakt wurde troch griene ynvestearrings; net allinnich yn Europa, mar oeral op ‘e wrâld. Dat sei miljeuminister Andreas Carlgren fan EU-foarsitter Sweden juster yn Brussel nei in petear mei de EU-miljeukommisje. Hy fynt it tige wichtich dat de klimaatkonferinsje yn Kopenhagen yn desimber in ambisjeus akkoart opsmyt en dat wurdt skreppen, de kommende moannen. Om te begjinnen sille de earder oanbeane koaldioksyde-emisjereduksjes foar 2020 noch in fiks ein omheech moatte. De plannen dy’t der no lizze komme del op likernôch 15 % troch de  yndustrialisearre en sawat 4 % troch de opkommende lannen. Dat is fierstente min om de wrâldwide temperatuerferheging te beheinen ta de 2 graden dy’t noch akseptabel achte wurdt.  De EU wol dêrom nei 30 persint. Fansels sil dêr in knoarre jild foar op it kleed komme moatte. Dy sinten binne neffens de Dútske EU-miljeukommisjefoarsitter Jo Leinen ek yn dizze minne tiden wol te finen. Hy ferwiist dêrby nei de 500 miljard euro dy’t allinnich Dútslân al yn it oereinhâlden fan de banken stutsen hat.

septimber 2, 2009 16:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.