Ekstremistyske moslimheit

septimber 3, 2009 22:44

Yn Dútslân mei Reda Seyam syn soan fan fjouwer ‘Djehad’ (Jihad) neame. Oerset út it Arabysk betsjut dat ‘hillige kriich’. De heit is fan Egyptyske komôf en sit by ferskillende fanatike moslimbewegings. Trije jier lyn begûn it juridyske proses om de namme fan syn soan. In Dútske politikus hat him doe oanklage. De rjochter hat Seyam yn ‘t lyk steld. Dêrtroch wurdt it proses betelle mei Dútsk belestingjild. Seyam wie fertochte fan in bomoanslach yn 2002 op it Yndonezyske eilân Baly. Dêrby rekken 200 minsken dea.

septimber 3, 2009 22:44
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Wiebe septimber 7, 09:17

    Wêr komt dit berjocht wei? Der stiet gjin namme ûnder; der wurdt gjin boarne neamd.

    Der sitte in tal suggestive uteringen yn dit berjocht. It liket oft it Reda Seyam oanrekkene wurde mei dat de kosten fan it proses om de namme fan syn soan mei Dútsk belêstingjild betelle binne. Reda is ynwenner fan Dútsklân, wurdt troch in Dútske politikus oanklage en falt dêrmei ûnder it Dútske rjocht.
    Dêr is yn in demokrasy neat gjin bysûnders oan. It is gjin nijs en as dat al as nijs brocht wurdt, dan is dêr in bedoeling mei, dy’t net útsprutsen wurdt.

    Datselde jildt foar de meidieling dat Reda Seyam “fertochte” wie fan de bomoanslach op Baly. Fan fertocht west hawwen kin net konkludearre wurde dat hy der wat mei te krijen hân hat. Boppedat bestiet der ek alhiel gjin ferbân tusken dizze meidieling en it feit dat hy syn soan Djehad neamd hat.

    Sokke anonime en suggestive meidielingen mei ik net oer.

    Wiebe Lageveen

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.