EBay ferkeapet Skype
Resint ferskynd
- Sjongeres Taylor Swift útroppen ta ‘grutste bekende fersmoarger’ om gebrûk priveefleantúch 0
- Strjitnammebuorden oanlieding foar nije Spaanske taalstriid 0
- Takom wike grutte treinstaking 0
- Wer grutte flater by ôfhanneljen ierdskokskea: slachtoffers witte net wat se no moatte 0
- Metaansatellyt fynt jiskebult mei klimaatynfloed fan oardel miljoen auto’s 0
In grut part fan Skype is foar 2,75 miljard dollar ferkocht oan mear as ien keaper. De oprjochters fan Netscape binne mei in nije ûndernimming ien fan de keapers.
Fan de 2,75 miljard dollar sil foar 1,9 miljard dollar oan oaren ferkocht wurde, 125 miljoen yn obligaasjes en sa’n 35 persint sil belein wurde yn oandielen fan Skype. It sil krekt wat minder opsmite as de 3,1 miljard dollar dy’t Ebay yn 2005 op it kleed lizze moast.
EBay woe Skype yn 2005 brûke foar de kommunikaasje tusken keapers en ferkeapers op de Ebay webside. EBay hat dat plan net trochsetten. Om jildferlies tsjin te gean wurdt Skype no ferkocht. EBay sil him tenei mear talizze op syn online feilinghûs en PayPal.
Lykwols giet it de lêste jierren net sa min mei Skype. De omset is tusken 2007 en 2008 mei 44 persint groeid. Healwei 2008 wienen der 480 miljoen minsken dy’t gebrûk makken fan Skype. Neffens EBay sil Skype yn 2011 in omset fan 1 miljard ha.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje