Duorsum lintsje foar prinses Irene

septimber 4, 2009 12:04

Prinses Irene is tiisdei 1 septimber ûnderskieden mei it “Duorsume Lintsje”. Hja krige it lintsje foar har ynspanningen foar in duorsume maatskippij.  Minister Cramer fan Miljeu rikte har de ûnderskieding út op Duorsume Tiisdei. Sûnt 2008 wurde op dizze dei minsken foar harren krewearjen ûnderskieden mei in Duorsum Lintsje  

Prinses Irene hat neffens de sjuery in wichtige rol spile yn it debat oer duorsumens. “Hja lei der tige de klam op dat der in feroaring yn it wrâldbyld nedich is, dêr’t wy ús as minske net skieden fan, mar as diel fan de natoer yn sjen moatte”, sa docht de sjuery te witten, dy’t foarsitten wurdt troch âld-steatsekretaris Monique de Vries.

 Portret

By gelegenheid fan de santichste jierdei fan prinses Irene stjoerden HUMAN en KRO in bysûnder portret fan har út. Yn “Irene, in oar libben” folget Marjoleine Boonstra har yn Súd-Afrika en yn Nederlân. Dy spesjale útstjoering fan ‘Profiel’ skept in byld fan de driuwfearren fan Irene en hoe’t se yn har libben socht hat nei in werklike moeting mei minsken.

 Minske en natoer

Mei it troch har oprjochte ‘NatuurCollege’ makket Irene har sterk foar wat se “it opheffen fan de skieding tusken minske en natoer” neamt. Yn har fisy is it wêzentlik dat wy sjen litte doarre wa’t wy binne, los fan ús posysje, fan wat de bûtenwacht fan ús ferwachtet.

Prinses Irene wennet en wurket in part fan it jier yn Bergplaas, 7000 bunder lân yn de Súd-Afrikaanske Karoo. Mei it projekt ‘Spirit of the Wild’ leart se de gidsen fan Súd-Afrikaanske wyldparken om mei passy en út harren eigen achtergrûn wei toeristen yn de kunde komme te litten mei de natoer. De wiere kunde, neffens Irene.

 Natuurwijs

Foar it Nederlânske projekt ‘Natuurwijs’ nimt Irene bern mei it fjild yn. Hja besiket harren bewust te meitsjen fan harren relaasje mei de natoer.

 De útstjoering fan Profiel: ‘Irene, een ander leven’ kinne jo online noch sjen op:

http://player.omroep.nl/?aflID=9945701.

Boarne: HUMAN

septimber 4, 2009 12:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.