Drugstest yn ferkear

septimber 2, 2009 07:53

Bestjoerders dy’t drugs brûkt hawwe, wurde oer in jier like hurd oanpakt as ferkearsdielnimmers dy’t tefolle alkohol drinke.

Minister Eurlings wol drugsbrûkers de foet dwers sette. Tegearre mei syn kollega Hirsch Ballin wurket er oan in wetsfoarstel om healwei 2010 in lanlike drugstest yn te fieren. Proeven mei flibetesten binne goed slagge. In lyts bytsje spui is genôch om te sjen oft in minske kannabis, kokaïne, amfetamine, methamfetamine, opiaten of pcp brûkt hat. As dat it gefal is, dan giet de persoan mei nei it buro foar in bloedtest. Minsken miene dat se net pakt wurde as se efter it stjoer in joint smoke. Mar dat is foargoed foarby. Minister Eurlings hopet dat it tal ûngelokken troch dizze maatregel minder wurdt.

septimber 2, 2009 07:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.