Dizenige taal

septimber 19, 2009 09:07

Friezen kin ik soms min útstean. Nim bygelyks myn man syn omke Feike. Hy is operearre omdat er de heup brutsen hie. No sit er yn in revalidaasjeynrjochting.

Okkerdeis wiene wy dêr by him op besite. Wy fregen: Hoe is it no mei omke? Seit er: Ik mei net kleie. Ik: Mar hoe fielt omke him no? Hy: No, ik haw my wolris minder field. Ik: Hoesa, wolris? Hoe ìs it no mei jo? Hy: No, doe’t ik yn it sikehûs lei hie ik mear lêst as hjirre.

Ik krige myn nocht fan dat dizenich gepraat, dat ik sei: Dus jo kinne wol hast wer nei hûs! Omke: Sa fier is it noch net. Ik moat my earst wer wat rêde kinne, ear’t se my gean litte.

Myn man fielde oan dat sa’n konversaasje my net noaske. Hy wit dat ik graach de saken by de namme neam en dat ik in hekel haw oan dat deromhinne-gepraat. Yn myn man syn famylje hawwe se dat doch o sa hiem. It moai wat pratende hâlde mar net krekt sizze wêr’t it op stiet en benammen jins gefoelens net bleat lizze. Ik sis wolris tsjin myn man: Sa’t se by jim thús prate, komst gjin stap fierder mei. Dan kinst likegoed neat tsjininoar sizze.

Myn man is it dêr út noch yn net mei iens. Neffens him is dat no krekt it aardige fan it Frysk. It heart by it Frysk taaleigen. En dan komt er mei foarbylden lykas ‘Domeny hat wolris minder preke’, dat immen ris sein hie doe’t er optein wie oer de preek dy’t er heard hie, en ‘It hat my wolris minder smakke’, as it iten jin krekt o sa lekker smakke hat. Understatement hjit dat, seit er. No, it sil allegearre wol, mar as it itensieden my goed ôfgien is, soe ik dat leaver planút fan him hearre wolle as dat er mar wat om ’e kant hinne praat. Myn man tinkt dat as sokke wizen fan praten ferlern gean soene, dat ta taalearmoede liedt.

Paul Witteman waard yn it televyzjeportret dat justerjûn te sjen wie, priizge om syn behearsking fan it understatement. “Uw grootste verliefdheid was voorbij!”, sei er in kear yn in ynterview, om oan te jaan syn gasten op foet fan oarloch stiene. Dat is wat oars as dizenich gejeuzel!

Doe’t wy by omke Feike weirieden, frege ik, wêr’t – neffens myn man – taal eins foar bedoeld is: om mei-inoar te kommunisearjen of om it taaleigen oerein te hâlden. Myn man woe derop ta dat ik gjin gefoel haw foar it moaie dat yn in taal ferskûle sitte kin. Hy mei dêr wol oer dat sa’n âld man dêr sawat foarsichtich mei sizze wol dat it stadichoan mei him foarútgiet.

Ik praat der leaver net omhinne. Dêr komst it fierste mei. As omke sa ek tsjin de dokter en de ferpleging praat, witte se ommers net wêr’t se oan ta binne. Hy kin dochs net samar oannimme dat in oar wol begrypt dat in ûntkenning krekt posityf bedoeld is? Soene minsken dy’t har net bleat jaan doare, dêr har ûnwissens net mei ferbergje?

Geiske Terpstra

septimber 19, 2009 09:07
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Wiebe septimber 19, 14:04

    Dizze “dizenige taal” dêr’t Geiske Terpstra sa’n hekel oan hat, en oare wizen fan jo te úterjen yn in taal binne krekt foarmen fan kommunikaasje.
    Dy manieren fan uterjen kinne wat sizze oer it karakter fan de prater, mar ek oer syn of har gefoelens.
    As it wiizen fan uterjen binne dy’t standarisearre binne, jouwe se struktuer oan dy taal.
    En se liede ta it ferskaat yn in taal dy’t der rykdom oan jout. It ûnderkennen fan dy fariaasjes yn in taal kin jo ta wurdearring fan dy taal bringe.
    Frou Terpstra ferdjipje jo ris wat mear yn dy kanten fan de taal,
    dan sille jo jo minder faak ergerje.

  2. Sjouk septimber 23, 11:56

    Ik ha just in bulte niget oan it forskaet fan praet.
    De wize op hokker manier en went is dingen te beskriuwen.
    Net allinne yn it Fysk ek yn oare dialekten en talen.
    Trjoch jo deryn te ferdjipjen kinne jo ek niget krije oan de forskate
    úteringsfoarmen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.