Dialekten op it ynternet
Resint ferskynd
It ‘Meertens Instituut’ yn Amsterdam sammele fan de iere jierren fyftich ôf oant om 1990 hinne lûdsbânregistraasjes fan dialekten út in wiidweidige stekproef fan alle dialeten yn Nederlân. Fryske dialekten binne dêr ek royaal by fertsjintwurdige.
In belangryk ûnderdiel fan de kolleksje wurdt foarme troch de saneamde ‘frij-petearbannen’: dialektpraters, allinnich of yn in groepke, fertelle oer ûnderwerpen dy’t se sels kieze mochten. Sûnt 25 septimber 2009 binne dy bannen frij petear – goed tûzen opnimoeren – fergees fia it ynternet te beharkjen. Klik dêrfoar de website fan it ynstitút (‘soundbites’).
Njonken de registraasjes út Nederlân komme ek guon út Flaanderen en út it bûtenlân (gauris fan Nederlânske emigranten), en in kategory ‘divers’, fan ûnder mear kongressen (lykas it Frysk Filologekongres yn 1962), mar ek fan sprekkers mei in lichte tongfal en fan it Jiddysk.
Boarne: Taalpost 952 en www.meertens.nl.
Wat in aardichheid is dit!