De Kast wer byelkoar
Resint ferskynd
De leden fan de popgroep De Kast hawwe elkoar weromfûn. De formaasje hat optreden by de útrikking fan de gouden kalveren op it Nederlânske filmfestifal yn Utert. It earste nûmer fan de band hat de namme ‘De Hel fan 63’. Dat is it titelferske fan de film mei deselde namme oer de romrofte âlvestêdetocht fan 1963. It nûmer leit yn novimber yn de winkel.
De Kast is ferneamd wurden mei it ferske In Nije Dei. De band sil wer yn de âlde formaasje foar it fuotljocht komme. Alle rûzjes binne bylein.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje