De Fryske Akademy is beoardiele
Resint ferskynd
- Ofwiisde East-Fryske flagge wapperet foar gemeentehûs Moarmerlân 0
- Ferhaleprojekt ‘Utsteld gelok’ yn pastorijtún yn Blauhús 0
- BolwurkFestival Frjentsjer: muzyk op it wetter 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0
- Bouwe de Boer: Sinnekrêft by de alve stêden lâns 0
It wittenskiplik ûndersyk fan de Frysk Akademy is as gehiel beoardiele as ‘tige goed’ en op beskate ûnderdielen as ‘eksellint’. Dat is it oardiel fan in eksterne, ynternasjonale evaluaasjekommisje dy’t ein maart 2009 it rapport útbrocht. Eksellint wurdt beoardiele it HISGIS-projekt (histoarysk geografysk ynformaasjesysteem), de Fryske taaldatabanken en it Mercator Europeesk Kennissintrum Meartalichheid en taallearen. De ferwachting is dat de akademy yn de kommende tiid mei wittenskiplike fernijing en ferjonging trochgiet.
In oanbefelling fan de evaluaasjekommisje is dat de akademy de pylken op it mear nasjonaal en ynternasjonaal trochbrekken rjochtet. De Fryske Akademy wol dat dwaan mei it Laboratoarium. Projekten dy’t hjir betocht en útfierd wurde, mei as doel om de Fryske taal en kultuer te behâlden, kinne dan noch better ynset wurde om oare talen sterker te meitsjen. De plannen fan de akademy wurde stipe troch de KNAW.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje