Bylden Anne Frank op YouTube
Resint ferskynd
De Anne Frank Stifting hat op de fideosite YouTube in kanaal iepene dêr’t byldmateriaal fan Anne Frank op te sjen is.
Ek de ienige bewegende bylden dy´t fan har makke binne stean op de hiemside. De bylden binne makke op de troudei fan har buorfamke op 22 july 1941.
Op it YouTube kanaal binne ek fragminten fan ynterviews mei heit Otto Frank en Miep Gies te sjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje