Minder sliep- en kalmearringsmiddels

septimber 28, 2009 14:10

Yn de earste helte fan dit jier joegen iepenbiere apteken trochinoar 17,5 persint minder sliep- en kalmearringsmiddels (benzodiazepinen) as yn foargeande jierren mei. Dat docht bliken út sifers fan de Stichting Farmaceutische Kengetallen (SFK). Fan jannewaris ôf jildt foar dy middels noch mar in beheinde fergoeding. Neffens minister Klink fan Folkssûnens waarden benzodiazepinen te faak en te maklik foarskreaun en kinne se ferslaavjend wêze.

Foarútrinnend op it ynfieren fan de beheinde fergoeding, sloegen brûkers fan sliep- en kalmearringsmiddels yn desimber 2008 al in lytse foarried yn. Dêrtroch wie it tal deidoasearrings dat yn jannewaris fan dit jier meijûn waard sels 23 persint leger.

Neffens de SFK binne der gjin oanwizings dat de brûkers dy’t mei benzodiazepinen stoppe binne, oerstapt binne op genêsmiddels mei in te ferlykjen effekt en dy’t wol foar fergoeding yn de beneaming komme. “Ien fan dy mooglike middels is buspiron, dat yn gefallen fan eangstoanfallen brûkt wurdt”, seit SFK. “It gebrûk is net nei dat middel trochskood.”

It brûken fan benzodiazepinen kin neffens rjochtlinen fan it Nederlands Huisartsen Genootschap ûnder mear ôfboud wurde troch op diazepam oer te gean. Diazepam wurket yn ferliking mei oare benzodiazepinen langer en de stimmingswikselingen binne minder heftich. Dat kin it ôfbouwen makliker meitsje. Yn de earste helte fan dit jaar kamen der 140.000 nije brûkers fan diazepam by. Dy brûkten yn 2008 noch in oare benzodiazepine. Neffens de SFK kin dat in yndikaasje foar it tal pasjinten wêze dat besiket om der mei op te hâlden.

De SFK seit dat it plan fan minister Klink om it benzodiazepinegebrûk werom te kringen mar foar in part slagget, mar dat de besparring dy’t er foar eagen hat, wol yn sicht komt. “De kosten foar de basisfersekering kamen yn de earste helte fan 2009 op 9,5 miljoen euro út. Sûnder ophâlders en it brûken foar eigen rekkening soe dat 40,5 miljoen euro west hawwe. As it gebrûkspatroan net feroare wie, dan hie dat ferskil op 62 miljoen euro foar hiel 2009 útkommen.”

Boarne: Kringloop Apotheek

septimber 28, 2009 14:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.