Boeing fljocht troch protters
Resint ferskynd
In Boeing 773-700 fan Germania airlines is by it opstigen yn Dusseldorf yn in swerm protters flein. De fleanmasine fleach mei 300 kilometer yn de oere yn likernôch 200 fûgels. Se rekken de Boeing op de romp. Guon fûgels waarden de rjochter motor ynsûge. De piloat koe gewoan trochfleane, mar gie nei trije kertier dochs werom en sette de fleanmasine feilich del.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje