Bêste fleanfjilden op de wrâld

septimber 14, 2009 22:02

In fakânsje heart sûnder ferfelende fertragingen te begjinnen. It iene fleanfjild is better as it oare. It Nijs helpt jo om út te finen hokker ynternasjonale fleanfjilden jo it bêste brûke kinne om wachttiden foar te kommen.

It reistydskrift ”Forbes Traveller” hat nei de tsien bêste fleanfjilden op ierde socht.  Seis dêrfan binne yn Azië te finen, fjouwer yn de Feriene Steaten. Europeeske fleanfjilden stean net op de list.

De nûmer ien op de list is Haneda Airport yn Tokio. 88,6 persint fan de fleantugen kaam dêr op ‘e tiid oan, 94,3 persint starte neffens tiidskema. De Forbes definysje fan ‘op ‘e tiid’ binne alle flechten mei minder as 15 minuten fertraging. De top-tsienlist fan Forbes is basearre op flechttiden fan de firma ”Flight Stats”, dy’t gegevens fan de 50 grutste fleanfjilden op ierde tusken 1 augustus 2008 oant en mei 31 july 2009 sammele.   De top-tsien neffens Forbes:

  1. Haneda Airport (Japan)
  2. Soekarno-Hatta International Airport (Yndonesië)
  3. Narita International Airport (Japan)
  4. Incheon Airport (Súd-Korea)
  5. Suvarnabhumi Airport (Tailân)
  6. Minneapolis St. Paul International (Feriene Steaten)
  7. Kuala Lumpur International (Maleisië)
  8. Phoenix International Airport (Feriene Steaten)
  9. Detroit Metropolitan Wayne County Airport (Feriene Steaten)
  10. George Bush International Airport (Feriene Steaten)
septimber 14, 2009 22:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.