Boomsma kursus Frysk fan Bernlef

septimber 22, 2009 19:27

Studinteferiening Bernlef is fan doel om Arie Boomsma in kursus Frysk oan te bieden, as er de rol fan kening Redbad yn de film fan Steven de Jong oer de Fryske kening krijt.

De Fryske filmregisseur Steven de Jong, dy’t ûnder oare bekend is fan “de skippers fan de Kameleon”, sil oer twa jier begjinne mei de opnamen fan in film oer de Fryske kening Redbad, dy’t yn de achtste ieu libbe. It skript leit al klear. De kosten fan de film sille sa’n 4 oant 5 miljoen euro wêze. Foar de haadrol yn dizze film hat de produsint “in man lykas Arie Boomsma” yn de kop.

Bernlef is bliid dat in film oer kening Redbad makke wurdt, mei dêryn ferskate saken dy’t fertelle oer de Fryske skiednis. Fjouwer jier ferlyn hat de studinteferiening it project “Ferneamde Friezen” lansearre. Ut in list fan tachtich ferneamde Friezen is kening Redbad útroppen ta “Ferneamdste Fries”. Bernlef is dêrom ek grutsk dat de winner fan har projekt no op it wite doek ferskine sil.

Om’t de feriening dizze film graach stypje wol, wurdt de haadrolspiler oanbean om fergees oan de kursus Frysk mei te dwaan. De ferneamdste Fryske kening moat de Fryske taal fansels goed machtich wêze. It soe dochs ek nuver oerkomme as de “Soldaat van Oranje” samar ynienen Frysk praat.

Foar mear ynformaasje:
Klaas Yde Haarsma 0624720259
b.g.g. Jurjen Draaijer 0623016797

septimber 22, 2009 19:27
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Yr.Ekke Atsma oktober 13, 10:11

    It is in goede saak dat Fryslân mear foar it ljocht komt mei syn eigen skiednis. As Fries-om-utens fernim je sa’n bytsje fan it Frysk-eigene. E.A. Leiderdorp.

  2. Jabik oktober 14, 21:37

    Miskien hat Ekke ek wolris wat nijsgjirrich nijs út de Hollannen om op ús Nijsside te setten. Der is noch romte genôch op it net. JvdB

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.