Bern leare faker in frjemde taal

septimber 7, 2009 21:02

Mear bern krije de mooglikheid om in frjemde taal te learen. It oantal basisskoallen dêr’t bern in frjemde taal leare kinne, is yn 2008 mei 70 persint omheech gien. Dat stiet yn de ynternasjonalisearringsmonitor fan it ûnderwiis yn Nederlân 2008. Op de 174 basisskoallen dy’t in frjemde de taal oanbiede, giet it faak om it Ingelsk. Der binne 17 skoallen dy’t Dútsk of Frânsk oanbiede. Neffens de monitor stiet it learen fan in oare taal it Nederlânsk net yn de wei.

septimber 7, 2009 21:02
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. G.Krol septimber 12, 11:53

    Nijsgjirrich yn dit ferbân is dat yn Brussel op de skoallen fan de Flaamske Mienskip sa njonkenlytsen gâns Frânsktalige bern sitte. De reden is dat âlden fan miening binne dat har bern as se twatalich binne mear mooglikheden ha en dêrneist dat de dizze Flaamsktalige skoallen kwalitatyf better binne.It is begûn mei de saneamde Frânsktalige hegerein mar no is de tarin sa grut dat op guon skoallen hast 70 % Frânsk- of oarstaligen sitte en dat is in swiere opjefte. It betsjut ek dat der strang nei harke wurdt oft de bern ûnder inoar wol Nederlânsk prate.Komt ús Frysk-Nederlânsktalige beppesizzer op in dei thús en heard it ûnfersteanbere brabbeljen fan har suske fan oardel en seit: “Sytske
    Nederlands praten”

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.