Arjen Hut skriuwt Fokke Mâl
Resint ferskynd
Arjan Hut skriuwt syn nije boek Fokke Mâl yn it brêgehúske by de Beursbrêge yn Ljouwert. Hy is tongersdeitemoarn mei skriuwen úteinset.
Hut seit in soad ynspiraasje fan it húske te krijen.
It stiet op in drok punt yn it sintrum fan ’e stêd foar de Iepenbiere Biblioteek oer. Der komme altyd in hiel soad minsken del. Alle dagen fan acht oant ien oere sit Hut dêr te skriuwen. Fokke Mâl wurdt in berneboek. Yn desimber moat it klear wêze. Dan sil Arjan Hut in skoftke gewoan thús skriuwe. Hy tinkt dat it fan’t winter kâld wêze sil yn it brêgehúske. Mar sa gau as it waar waarmer wurdt, skriuwt er fierder yn it húske. Hy hopet dat it twadde boek yn maart klear wêze sil.
In gedicht fan Arjen Hut
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje