Alle ynternetkontakten nuttich

septimber 6, 2009 09:32

Jo kinne nea tefolle freonen hawwe op netwurksiden lykas Hyves en Facebook. As jo freonen sammelje dy’t jo eins net sa goed kenne, is dat grif gjin domme aksje. It kin sels in protte foardiel opleverje. Kommunikaasjesaakkundige Nancy Baym út de Feriene Steaten hat dat ûndersocht. Hja hat kontakt socht mei minsken dy’t mear as 300 freonen hiene op Facebook. Op har fraach hoefolle fan dy 300 minsken no werklik freonen wiene, antwurden de measten mei op syn heechsten ien op de tsien. Njoggen fan de tsien ynternetfreonen is dizige kunde. Mar dat binne neffens Baym wichtige persoanen. Soks omdat dy minsken oars binne. Hja lykje net op de echte freonen dy’t ek op de list steane. Dat betsjut dat dy dizige bekenden in soad nijssuggestjes tafoegje kinne. Minsken groeie fan oare minsken, mar dan moatte se wol oars wêze. Netwurksiden kinne brûkt wurde lykas it praatsje by de kofje-automaat. Jo bringe wat yn en de minsken reagearje wol.

De Fryske beweging is ek aktyf op hyves en facebook.

septimber 6, 2009 09:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.