225 jier Maatschappij Nut van ‘t Algemeen
Resint ferskynd
Op 16 novimber 2009 is it krekt 225 jier lyn dat op de Kaasmarkt yn Edam in selskip lyts-stêdslju om Jan en syn soan Martinus Nieuwenhuijzen hinne ta it beslút kaam om in genoatskip op te rjochtsjen dat, oars as oare genoatskippen út dy tiid, him rjochte op de ‘gewoane’ man. Of lykas Jan Nieuwenhuijzen sels yn in weromsjen yn 1798 skreau:
“Ik keerde mijne gedachten af van de hooger geplaatsten en bepaalde dezelve op den zogenaamden gemeenen burger in ons Vaderland. Daar zag ik velen zuchten om en reikhalzen naar wijsheid: maar de weg om tot dezelve te komen, was zo stijl, – moeilijk, – zelfs zo kostbaar – om te beklimmen, dat duizenden den moed lieten zakken, en zich aemechtig nederzetten. Is er, dacht ik toen, geen middel, om deeze naar wijsheid zoekenden de behulpzame hand te bieden – hen toe te lichten? – Zou men niet alomme die geschriften, voor eenen geringen prijs verkrijgbaar gemaakt, kunnen verspreiden?”
Ek nei 225 jier is it Nut him bewust fan it plak en de funksje fan de ‘paadslochters’ yn de mienskip: ‘Minsken dy’t it foartou nimme ta fernijing en it formulearjen fan noarmen en wearden; minsken dy’t de kwaliteit en it geastlik klimaat fan de mienskip foarút helpe’. De Maatschappij iveret, hieltyd trou oan har doelstelling, foar ferbettering fan it wolwêzen fan ienling en mienskip. Mei rjocht kin steld wurde: “In lân sûnder foarhoede en sûnder kultuerfilosofy is stjoerleas”.
Boarne: Bericht van ’t Nut 2009
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje