200 hektare folkstún minder
Resint ferskynd
Yn 2006 hie Nederlân 3906 hektare oan folkstunen. Dat is hast 200 hektare minder as tsien jier werom. Ek it tal folkstúnkompleksen en besites nimt ôf. Tusken 1996 en 2006 hat hast 600 hektare oan folkstún in oare bestimming krigen. De helte moast plak meitsje foar nij wengebiet en bouterreinen. Der is hast 400 hektare oan nije folkstunen oanlein.
Op wrâldnivo is dizze trend net te sjen. De Feriene Steaten is dwaande om mear oantinken te jaan foar de folkstún. It sels ferbouwen fan iten kin de CO2 útstjit ferminderje. Sok iten hoecht net ferfierd te wurden en hoecht net yn fabriken ferwurke te wurden.
Yn Kuba is hast al it iepenbiere grien feroare yn folkstún. It makket Kuba minder ôfhinklik fan ymport. It skeelt it lân alle jierren miljoenen euro’s.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje