Windows 7 hast klear

augustus 28, 2009 12:16

De lansearring fan Windows 7 sil op 22 oktober yn New York wêze. Windows 7 is it nijste bestjoeringssysteem fan Microsoft en is de opfolger fan Windows Vista. Windows 7 is net folslein nij, it is in ferbettering fan Vista. Oars as mei Vista liket it oarspronklike ûntwerp fan oktober foarich jier op it einresultaat. De resensinten binne ek folle positiver oer Windows 7 as oer Vista dat yn 2007 ferskynde. Dêrtroch liket it derop dat Windows 7 op ‘e tiid klear is foar de lansearring. De bestjoeringskoade foar Windows 7 wie ferline moanne al klear. Nei de lansearring op 22 oktober sil de Windows 7 Family Pack ek yn Europa beskikber wêze. Mei de Family Pack hast trije lisinsjes foar Windows 7.

augustus 28, 2009 12:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.