Wikipedia: Gjin kriich mear?

augustus 27, 2009 10:12

Hjoed-de-dei binne der hieltyd mear minsken op ynternet aktyf. In diel dêrfan skriuwt foar in online-mienskip. Elkenien kin stikjes nijs skriuwe en ynformaasje diele mei oare minsken. Foar Wikipedia en YouTube is de online-mienskip de grûnslach foar it bestean en sukses fan de webside. Doe’t Wikipedia dizze wike besleat om  minsken oan te wizen om tafersjoch te hâlden by Ingelsktalige artikels oer libjende minsken, wie de boat oan. Op it ynternet waard omraak diskusjearre. Foar sommige minsken wie it in teken dat Wikipedia ien fan syn kearnwearden feroaret. Foar in oare groep wie it in teken dat de online-mienskippen hieltyd komplekser wurde en mear regels krije. Sûnt de oprjochting fan Wikipedia yn 2001 binne der mear websiden kommen dy’t beheard waarden troch de brûkers dêrfan. Guon, lykas YouTube binne foar in grut part yn ‘t behear fan de brûkers. In oare webside mei in grutte online-mienskip is de fotowebside Flickr. De oprjochtser fan Flickr, Caterina Fake, is wiis mei it beslút fan Wikipedia. Neffens har is it no de goede tiid om dizze nije regels troch te setten, oars soe it ‘”in soadsje” wurde, seit se.

augustus 27, 2009 10:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.