Alles oer jo is bekend
Resint ferskynd
Minsken dy’t sykje om ynformaasje oer in persoan kinne al in skoftke gebrûk meitsje fan de sykmasine wieOwie.nl. De side hat in nije lay-out krigen en der binne ek nije boarnen tafoege om te ûndersykjen. De side is ek in stik flugger. Mei ”wie0wie” kin in soad ynformaasje oer in persoan socht wurde, lykas it e-post adres, telefoannûmer, webside, foto’s, fideo’s, profilen op siden lykas Hyves en Facebook. En dat alles wurket ek noch allegear hiel aardich. In skoftsje lyn wie it mooglik om ek in oprop te pleatsen as in persoan net te finen wie. De webside wurdt likernôch troch 40.000 besikers op in dei besocht. De ôfrûne tiid wienen dit de meast populêre persoanen op ”WieOwie”.
- Lieke van Lexmond
2. Monique van der Werff
3. Patrick van der Eem
4. Joran van der Sloot
5. Geert Wilders
6. Sylvana Fortune
7. Kelly Huizen
8. Nico Mul
9. Jennifer Delano
10. Nikki Kerkhof
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje