Trond Sollied fuort by Hearrenfean

augustus 31, 2009 19:30

It Hearrenfean en Trond Sollied hawwe ôfskie fan elkoar nommen.

Beide partijen kamen ta de konklúzje dat de gearwurking net brocht hat wat se ferwachte hienen. Dat meldt ‘It Hearrenfean’ yn in parseferklearring.

De direksje seit dat it fuortgean fan Sollied troch de kultuerferskillen tusken de klup en de coach komt. It Hearrenfean stiet op it stuit 15e yn de earedivyzje. Se hawwe krekt 1 wedstriid wûn tsjin Vitesse.

Ek Sollieds fêste assistint Chris van Puyvelde giet fuort. De oare assistint, Henk Herder, sil in oare funksje yn de technyske stêf beklaaie. Jan de Jonge nimt de trainingen fan it earste alvetal earst op him.

augustus 31, 2009 19:30
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Stalke septimber 1, 22:44

    It nije bestjoer fan it Hearrenfean hie it te heech yn ‘e kop. It soe profesjoneler moatte troch in trainer mei in grutte namme oan te lûken. Jonges as Verbeek wiene te gewoan. Der binne hiel wat bedriuwen yn Fryslân dy’t ek miene dat se minsken mei flotte “babbel” foar in protte jild binnen helje moatte. Hiel faak falt dat dan dochs net ta en moat men op syn kar werom komme. It liket hast in sykte te wêzen fan de Friezen dat alles wat fan fier komt of Hollânsk praat better is as de eigen minsken. Oer kultuer praat, Yme Kuiper.

    Stalke

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.