Tekoart fan 55.000 sjauffeurs

augustus 24, 2009 06:43

Transport en Logistyk Nederlân (TLN) tinkt dat der oer 5 jier in tekoart wêze sil oan 55.000 frachtweinsjauffeurs. De fergrizing is de wichtichste oarsaak. Op dit stuit is elke sjauffeur bang om syn baan te ferliezen. De wurdfierder begrypt net dat bedriuwen harren personiel net fêsthâlde. Aansen komme se krekt yn gruttere problemen, omdat der gjin sjauffeur te finen is.

TLN ropt foaral de jongerein op om in oplieding te kiezen, sadat se yn de transportsektor komme. In oplieding duorret mar in jier. Tsjin dy tiid sil de krisis al wer foarby wêze. Op it stuit kneppelet de krisis wol oan. TLN moast okkerdeis berjochtsje, dat der in omsetdelgong fan 16.5 persint wie neffens foarich jier.

augustus 24, 2009 06:43
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Margaretta febrewaris 8, 17:42

    Wow! Talk about a posting knincokg my socks off!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.