Swiere wynstjitten
Resint ferskynd
Yn ‘e rin fan de middei sille tongerbuien oerskowe nei it easten. Troch de waarmte fan de lêste dagen kinne de buien har hiel fluch ûntwikkelje. It KNMI warskôget foar hurde wynstjitten fan hast 100 kilometer yn ‘e oere. Der sil op guon plakken wat mear rein falle as op oare. Tsjin de jûntiid sille de buien boppe Grinslân en East-Fryslân wêze. It wurdt hjoed in waarme dei. Yn it easten fan Nederlân kin it hjoed wol 35 graden wurde. Yn 2006 wie it ek alris sa waarm.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje