Swiere pûl foar It Hearrenfean

augustus 28, 2009 16:21

Op freed lotte It Hearrenfean in pear swiere tsjinstanners foar de pûlfaze fan de Europa League. Yn groep D spilet It Hearrenfean tsjin Hertha BSC Berlyn út Dútslân, Sporting Lissabon út Portugal en FK Ventspils út Letlân.

Foarsitter fan It Hearrenfean Yme Kuipers is bliid mei de lotting. Neffens Kuipers is Hertha BSC bekend om syn ferneamde fuotballers. Fan Sporting Lissabon seit Kuipers: ”Wy hawwe Sporting tsjin Twinte yn aksje sjoen en witte wat wy ferwachtsje kinne”. It Hearrenfean hat twa kear yn it stadion fan Sporting Lissabon spile, dat wie doe tsjin Vitoria Setubal. Fan Ventspils seit Kuiper: ”Ik wit net folle fan Ventspils, mar it moat mooglik wêze om fan harren te winnen”.

Benammen Hertha BSC en Sporting Lissabon binne sterke tiims. Hertha BSC waard fjirde yn de Dútske Bundesliga en Sporting Lissabon twadde yn de Portugeeske Superliga. FK Ventspils is in ûnbekende klup dy’t yn 2006, 2007 en 2009 lânskampioenskip fan Letlân wie.

augustus 28, 2009 16:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.