Spanning Slowakije en Hongarije

augustus 27, 2009 06:46

De Slowaakske ambassade yn de Hongaarske haadstêd Boedapest is bekûgele mei molotovcocktails. De polysje hat sein dat der gjin skea wie. Dochs rint de spanning tusken Hongarije en Slowakije heech op.

De aksje komt in pear dagen neidat de Hongaarske presidint Laszlo Solyom in besite oan Slowakije ôfsein hat. Freed soe hy yn de Slowaakske grinsstêd Komarno de ynhuldiging meimeitsje fan in stânbyld. Mar hy moast de besite ôfsizze. Premier Robert Fico fan Slowakije hie him yn in brief oan de Hongaarske ambassadeur yn Bratislava sein, dat er gjin tagong krige om it lân te besytsjen. Fico nimt it de Presidint fan Hongarije kwea-ôf dat syn besite gearfalt mei de 41e jierdei fan de ynvaazje fan de kommunistyske Warsjaupakt-lannen. Dy ynvaazje, dêr’t Hongarije ek yn behelle wie, makke in einde oan de Praachske Maitiid.

In oar punt fan yrritaasje is, dat it reisdoel fan de Hongaarske presidint in gebiet oanbelanget, dat dominearre wurdt troch de Hongaarske minderheid yn Slowakije.

augustus 27, 2009 06:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.